Skip to main content

Fam. Hilbrand Veenje - Melkrijder Karel v.d.Wal

Fam. Hilbrand Veenje - Melkrijder Karel v.d.Wal

Jaar/periode

1982

Beschrijving

Út de Actief, 1982

Moaie âlde foto makke op de Earnewarre, krekt oer it fiadukt "De Wâldpoarte".
Sietske Veenje-Elzinga en Hilbrand Veenje nimme hjir ôfskie fan molkrider Karel van der Wal.

 

Tekst Actief:
Garyp naam ôfskie fan 'e molkrider

Saterdeitejûn is der offisieel in ein kaam oan it opheljen fan bussenmolke yn Garyp. Op fjouwer nei sitte alle Gariper boeren no op'e tank.
Dy't noch gjin tank hat, moat de bussen opbringe nei de "Koekoek" yn Sumar, wêr't hja oppikt wurde troch de molkwein dy't dêr noch lâns komt.
Karel van der Wal, dy't de rit troch Garyp de lêste acht jier riden hat, makke syn toct saterdeitejûn foar de de lêste kear.
De measte boeren makken der net folle drokte fan, mar by feehâlder Hilbrand Veenje, krekt oer't fiadukt "De Wâldpoarte" stiene Brand en syn frou Sietske klear om ôfskie te nimmen.
"In molkrider is nea samar in molkrider west by ús; hy wie in stik fan de buorkerij", seit Veenje. "Benammen mei Karel, dy't by need de molke efter hûs wei helle, wiene wy tige op't skik."
Veenje is no sels baas en hoecht him wat melkerstiid oangiet, net mear te setten nei de molkrider.
Syn triticht readbûnte bisten sille der net folle fan fernimme dat harren skoandere, farske molke yn'e tank streamt yn stee fan yn'e molkbus.
Hja wurde no ek op'e tiid molken want Brand Veenje is in boer fan'e klok.