Lytse Buorren, Mechanisatie Smedes
Beschrijving
Lytse Buorren, ca. ein jierren '90.
Moai âld tiidsbyld fan de Lytse Buorren.
Tekst Taede H. Smedes, april 2004 (https://www.garyp.nl/geschiedenis/eartiids-yn-garyp):
Fierder links wenne Lubbert van der Laan, dy wie smid fan berop mar krige in grutte namme yn it meitsjen en pleatsen fan wynmûnen, no wennet Richard van Lunzen der.
Wy komme no by it terrein fan foarhinne firma Smedes Mechanisatie. Eartiids wenne der Eelke Douwes Algra, de pake fan Jouke Algra, dy hie der in timmersaak en letter syn skoansoan Piter Klaver, mar troch dat er sa ‘n toast hie koe er it net foarinoar hâlde en ferkocht it oan Hindrik Kielstra, opfolge troch syn soan Hessel.
De Gemeente hat úteinlik foarinoar krigen dat firma Smedes ferhuze is nei Sumar, omdat it op it lêst in grutte oerlêst joech op ‘e Lytse Buorren.